Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0103

ABD-sjoo 0103

13 Novimber 2001

Yn de tredde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen de Trije Doarpen Skoalle út Reduzum en It Pertoer út Weidum it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is beroppen. We sjogge by in fisker, skipper Lammert Zwaga, in F-16 piloat, in dûker en in plysje. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

LTV_FROULJUSNETWURKEN

Frouljusnetwurken

12 Febrewaris 1995

We sjogge by in byienkomst fan it frouljusnetwurk. Ien kear yn de moanne komme de froulju, dy't faak in liedende funksje hawwe, by inoar om te harkjen nei in sprekker en te learen fan elkoars ûnderfiningen. Har doel is om mear froulju yn hegere posysjes te krijen, likense beleanning en bewustwurding. Tal fan froulju komme oan it wurd en fertelle oer har wurk.

LTV_WR_Ik-kin-hast-alles-oer-handikapte-minsk

Ik kin hast alles...

20 Maart 2005

Yn it programma folgje we trije minsken fan tritich dy't wurkje en libje mei harren handicap. Nynke van der Kooi is blyn. Se wennet yn Frjentsjer en is ta har spyt wurkleas nei't in kontrakt ôfrûn wie, mar har dagen binne goed fol mei fan alles. Sander Gangabisoensingh hat gjin earmen. Hy wennet op It Hearrenfean en wurket as DTP-er en webdesigner by in reklameburo. Hy docht alles op de kompjûter mei syn fuotten. Cees Roest wennet yn Sigerswâld en is nei in dwerslesy diels ferlamme. Hy wurket by in leanbedriuw. We sjogge de trije haadrolspilers yn har wurk, thús en ûnderweis.