Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_BRADA_141203_WR

De ûndergong fan Brada

14 Desimber 2003

De grutte slachterij Brada yn Ljouwert wie in begryp: kij gienen net nei de slachter, nee kij gienen nei Brada. Oait begûn yn de Lytse Tsjerkestjitte ferhuze it famyljebedriuw yn de jierren tritich nei de Snekertrekweg. Dêr fertelt Benno Brada, sechsde generaasje, oer de skiednis fan it bedriuw en de úteinlike ferkeap oan slachter Aaldert Wildeboer út Hollandscheveld. Skulden en de tongblierkrisis makken in ein oan Brada. Ald-wurknimmers komme oan it wurd en we sjogge op it bedriuw, noch yn aksje en no't it leech is. Ek feehanneler Bonne Speerstra komt oan it wurd.

SADWAANDE_080502_LYTSEMUSEA

Sadwaande: Lytse musea

08 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer lytse musea. Fryslân hat tal fan lytse musea. Sûnt koart kinne se yn de beneaming komme foar in kwaliteitskarmerk. Oer wat de betingsten dêrfoar binne, hearre we fan museumkonsulint Mirjam Pragt. We sjogge ek by wat lytse musea: rock'n'rollmuseum yn Arum, it Damshûs yn Nij Beets en it Admiraliteitshûs yn Dokkum. Floris wol har museum ek oanmelde foar it karmerk.

ABD-sjoo 0108

ABD-sjoo 0108

14 Maaie 2002

Yn de achtste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme tal fan basisskoallen it tsjin inoar op yn dizze ôflevering mei fragen oer de Fryske taal. De skoallen dy't meidogge, binne: It Fûnemint út Wommels, De Skoalfinne út Warns, De Frissel út Feanwâlden, De Arke út Burgum, It Twaspan út Terkaple, Master Frankeskoalle út Earnewâld, It Klimmerbled út Sint-Nyk, De Foareker út Easterein, Trije Doarpen Skoalle út Reduzum, De Rank út Deinum, De Martenaskoalle út Bitgummole.
Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).