Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Om Utens: Pauline Krikke

Om Utens: Pauline Krikke

26 Maart 1998

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer Pauline Krikke út Snits. Se hat Fryslân ynwiksele foar Amsterdam dêr’t se wethâlder wie.

Spegels: Het dodenschip en Hendrik van der Meer

Spegels: Het dodenschip en Hendrik van der Meer

19 Juny 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Mei dizze kear: reportaazjes oer it toanielstik Het dodenschip en berneferskes skriuwer Hendrik van der Meer.

‘It giet oan!’

‘It giet oan!’

02 Jannewaris 1997

De fyftjinde 'Tocht der Tochten' sil op fjouwer jannewaris 1997 plak fine, dat fertelde Henk Kroes, foarsitter fan de Alvestêdeferiening yn in parsekonferinsje. Yn dizze útstjoering fan Hjoed wurde ferskate aspekten fan de tariedings op de Alvestêdetocht besprutsen: de knipepunten by Snits en Harns, de favorite wedstrydriders, de grutte minskemassa dy’t ferwachte wurdt, en in portret fan in man dy’t de tocht sil ride mei trije hakken.