Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

12 Jannewaris 1997

It earste diel fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama.

LTV_POLDERHAZZEN_1309098_WR

Polderhazzen

13 Septimber 1998

By it Ingwierrumer Nijlân, in stik lân dat yn 1470 ynpoldere is, hat hûndert jier in polderhúske stien, isolearre fan de wrâld. De bewenners, 13 húshâldingen mei elkoar, hienen as taak om it op bûtendyks fee te passen. Mei de lêste bewenners dy't yn 1958 fuortgienen, geane we werom nei it plak dêr't it hûske stien hat. Se helje oantinkens op. Ek binne argyfbylden te sjen fan de oanlis fan de dyk dy't soarge dat de Lauwerssee in mar waard. Yn de Bantpolder stiet ek in isolearre wente, de bewenners dêrfan moatte tinke om it binnendyksfee.

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

Boppeslach: Dreamteam fan 'e Greiden, diel 2

15 Oktober 2001

Yn it sportprogramma Boppeslach folgje we it Dreamteam fan 'e Greiden, de fuotballerkes fan F3 fan Easterlittens. We sjogge by de training fan trainer Sicko Velstra. Hy leart de jonges op goal sjitten, passen en it belangrykste: oerspyljen.