Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRANKE_SLOOTHAAK

Franke Sloothaak: springruter

16 Oktober 1994

Portret fan springruter Franke Sloothaak, berne yn 1958 en opgroeid yn Rotsterhaule. Hy wie gek mei bisten en koe al betiid goed mei hynders. Hy hat 16 hynders op stâl en rydt tal fan konkoersen. Hy fertelt oer syn wurk, en we sjogge him by wedstriden en op de training. Ek syn âlden komme oan it wurd en der binne argyfbylden fan de jonge ruter.

ABD-sjoo 0403

ABD-sjoo 0403

16 Novimber 2004

Yn de tredde ôflevering fan it fjirde seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Op 'e Hichte út Skearnegoutum en de T.J. Roordaskoalle út Wytgaard it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we by in tentoanstelling mei berneportretten yn de 16de en 17de iuw yn it Fries Museum, in dûnsles fan Grietine Molenbuur en in darttoernoai yn Baard. Te gast is Mariska de Boer mei in sulveren knottekistke. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

No Wy: Ardennen

No Wy: Ardennen

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering giet in groep fan fyftich learlingen fan it Lauwers College út Bûtenpost op survival mei de bus nei de Ardennen yn België. Yn de film ha trije learlingen problemen, ien knipt hier fan oaren ôf, in oar is drugsferslave en noch in oar moat har hieltyd ferklaaie. Mar de ôflevering lit foaral sjen wat de learlingen allegear meimeitsje, mountainbike, kayakke en abseile, mar ek ouwehoere yn de sliepkeamers en de bonte jûn, donderjeie mei de oare sekse en tefolle drank.