Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_RIOELPERIKELEN

Rioelperikelen

08 Maaie 1994

Yn Fryslân leit goed 3200 kilometer oan rioelbuizen, in grut part is oan ferfanging ta en troch strangere miljeu-easken is der ek mear tafersjoch op yllegale loazingen op wetters. We sjogge hoe't de buizen ynspektearre wurde mei in kamera en skjinspuite. We sjogge wat de alternativen binne lykas in komposthúske of in septictank mei filter. En we hearre wat miljeu-ynspekteurs dogge.

Sybe Satellyt 0203

Sybe Satellyt 0203

12 Novimber 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hûn Sjef hat har jierdei en Sybe sil om in kado út. Hy komt yn de Wereldwinkel telâne. Dêr fertelt Ate de Jong oer de produkten en har skiednis, lykas wêr't kofje wei komt. Ek sjocht er by in trimsalon dêr't hûnen wosken en knipt wurde en sjocht er by in eksposysje yn Natuurmuseum Fryslân.

LTV_UTFANHUS_NASSAUS_020696_WR

Utfanhûs by de Nassaus

02 Juny 1996

It eardere paleis yn Ljouwert wurdt ferboud ta stedsloazjemint en it Fries Museum hat in tentoanstelling oer keninklik besit: reden om te sjen nei de bân fan it keningshûs mei Fryslân. We sjogge by de ferbouwing fan it Stadhouderlijk Hof, de skilderijen wurde restaurearre. Net elk is wiis mei de komst fan it hotel. Ek de Prinsetún en it Princessehof binne der kommen troch de Nassaus.