Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_GRIZE_TAKOMST_1_WEROMROP

De grize takomst, diel ien

24 Maaie 1992

Yn in twalûk sjogge we nei âlderein. Der komme hieltyd mear âlde minsken. Yn trije portretten sjogge we hoe ferskillend oft se libje en wenje. Paulus de Haan (83) wennet yn it bejaardehûs Brugchelencamp op De Westereen. Syn wenromte is lyts, hy sliept yn de wenkeamer, syn iten wurdt fersoarge en der binne aktiviteiten. Aagje Pool (67) hat in wengroep foar âlderen oprjochte yn Seisbierrum, se dogge alles sels en der is soad romte. Hieke Dijkstra (84) wennet op harsels yn Ljouwert. Se is net sa fluch mear mar noch hiel aktyf, docht sels de boadskippen en is geregeld gastfrou.

Krysttiid

Krysttiid

22 Desimber 2004

Oan de hân fan de tema's út it echte krystferhaal gie 'Wyn op Woansdei' op syk nei sân persoanlike krystferhalen. Sjoch yn dizze fideo nei: de stjêrren, de ingels, de herder, it ljocht, de Maria's, it offer en de stâl.

LINKK 14: Gefoel

LINKK 14: Gefoel

15 Maart 2002

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer gefoel. Bern fertelle oer har gefoel, in psycholooch leit út hoe't de harsens gefoelens oanstjoere en gefoel spilet in belangrike rol by dûnsgroep Duende en by de jonge dichter Katynke van der Vliet.