Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Geert! S02: Kompilaasje

Geert! S02: Kompilaasje

11 Maaie 2004

Yn dizze ôflevering sjocht Geert van Tuinen werom op de meast nijsgjirrige petearen dy't er hie op tal fan plakken dêr't er mei it programma delkaam. Yn De Tynje wie dat mei Jan Overwijk, yn Arum mei seis amazônes, yn Seisbierrum mei Auke Swart, yn Aldeberkeap mei Gerrit Hof, yn Koudum mei Sake de Boer, yn Top& Twel moast er greauwen priuwe, yn Wâlterswâld prate Geert mei Jaap Bouma en as lêste in petear mei Rients Bijlsma yn Raerd.

Lûd: Jitiizer

Lûd: Jitiizer

03 Novimber 2004

Muzykprogramma dat op in kreative wize in byld sketst fan Fryske jongerein yn de muzykwrâld. It programma is makke troch studinten fan de oplieding Kommunikaasje oan de Noordelijke Hogeschool Leeuwarden, yn gearwurking mei Omrop Fryslân. Yn eltse ôflevering wurdt achter de skermen sjoen by bandsjes út de regio. De dielnimmende bands binne: Alphaband, Jitiizer, Putrid Remnants, In Limbo en Melanocaster.

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

Rients Gratama 1: In jonge dy't foardrage woe

12 Jannewaris 1997

It earste diel fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama.