Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: Nije starters: biljertservice en reisburo

Wurktiid TV: Nije starters: biljertservice en reisburo

05 Juny 1996

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer nije starters. P. van der Heide is in biljertservicebedriuw begûn en hat dêr in merkûndersyk foar dien, om te sjen oft der ferlet fan wie. En A. van der Kooi en S. de Roos binne yn Burgum Reisburo de Sinne begûn. Se ha de starterskompetysje wûn.

CAMBUUR_010698_WR

Cambuur promovearret hast op 30 maaie 1998

01 Juny 1998

Op 30 maaie 1998 wie de earedifyzje wer yn sicht foar Cambuur. De blommen en sjampanje stiene al klear, mar der moast earst noch wol wûn wurde fan FC Den Bosch. En dat slagge net. Yn it eigen stadion waard it 2-2. Yn it programma Boppeslach in ferslach fan de wedstryd tsjin Den Bosch.

LTV_BOER_KEARPUNT_GREIDBOER_1_WEROMROP

Boer op in kearpunt: de greidboer

06 Oktober 1991

Yn twa dielen sjogge we by boeren dy't op in kearpunt steane. Yn dizze ôflevering stiet de greidboer sintraal. It tal greidboeren rint werom, troch allerhanne regels lykas superheffing en hegere kosten. We sjogge op de pleats fan de famylje Van der Meulen yn Eastermar. Hy melkt kij en wurket hieltyd mear mei de kompjûter, dy hâldt de opbringst by en berekkenet hoefolle krêftfoer oft byfuorre wurde moat. Ek de miljeu-amtner sjocht oft oan regels foldien wurdt.