Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0104

ABD-sjoo 0104

11 Desimber 2001

Yn de fjirde ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen De Paadwizer út Waskemar en Votum Nostrum út Wynjewâld it tsjin inoar op. It tema fan dizze ôflevering is beroppen. Yn de filmkes sjogge we by skilderes Dinie Boogaart, in húsdokter dy't ek yn Nigeria wurket, in glêsblazer, fuotballer Tieme Klompe, in logopediste en ien dy't drinkwetter kontrolearret. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

It Fryske Lânskip 4: Puollen en marren

It Fryske Lânskip 4: Puollen en marren

03 Febrewaris 1987

Yn de fjirde útstjoering fan ‘It Fryske Lânskip’ hat Leny de Vries it oer de puollen en marren fan Fryslân. Freark Smink fertelt oer it lege midden fan de provinsje.

Sybe Satellyt 0401

Sybe Satellyt 0401

14 Septimber 1993

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by it tippen, in sport, yn Jorwert en praat mei Sake Roodbergen oer muskusrotten.