Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sybe Satellyt 0803

Sybe Satellyt 0803

04 Novimber 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Dizze kear giet it oer lûd en stilte. Sybe praat mei Elske Posthuma dy't net goed hearre kin. Se spilet oargel yn in tsjerke. Mei Henk Nieuwenhuis fan it Planetarium yn Frjentsjer praat Sybe oer oft it ek stil is op de moanne. En hy praat mei de mannen dy't lûd mjitte yn in stiltegebiet.

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

Linkk Ekstra: Do makkest teater 2

17 Jannewaris 2003

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer teater. Yn diel 2 sjocht Jildou de Vries by it wurk achter de skermen by in foarstelling of optreden. Dizze kear giet it oer lûd. Se sjocht by de opbou en tariedingen fan de Fryske Stjerrejûn. Elk muzykynstrumint krijt in eigen mikrofoan en al dy opnames komme allegear by elkoar yn in mingpaniel. De lûdstechnikus makket der in miks fan sadat elkenien yn de seal it goed hearre kin. Ek sjocht se by learlingen fan Popmedia en by it wurk fan Linze Valk.

Wurktiid TV: Bemiddeler

Wurktiid TV: Bemiddeler

07 Juny 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk fan de bemiddeler (yntersedint). Gerrit-Jan Walstra en Noël de Haan fan útstjoerburo Start lizze út wat se dogge om fakatueres op te foljen by ferskate bedriuwen. Se bringe besites oan bedriuwen. A. Boeyenga fan Poot Lichtenergie en bakker A. van der Molen meitsje gebrûk fan útstjoerkrêften en P. Cappendijck wurket as útstjoerkrêft. Beide partijen binne tefreden oer dizze konstruksje.