Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande_Time-management_17_11_1999

Sadwaande: Timemanagement

17 Novimber 1999

Dizze Sadwaande giet oer timemanagement. Elk hat it drok mei wurk en húshâlding. We prate mei kommissaris Ed Nijpels dy't al in jier foarút plant, sjogge by in kursus timemanagement en by it drokke skema fan in jonge húshâlding. En prate mei Twadde Keamerlid Annet van der Hoek en ûndernimmer Jos Paques oer de drokke aginda. Prinses op learzens krijt ien minút om te boadskipjen.

LTV_MEINDERT_TJOELKER_010902_WR

De stille kant - Meindert Tjoelker, fiif jier letter

01 Septimber 2002

Yn 1997 stoar Meindert Tjoelker oan de gefolgen fan in fjochtpartij yn Ljouwert wêrby't er slein en skopt waard. Hy fierde syn frijgesellejûn en spruts oaren op har gedrach oan. Op dit zinleaze geweld folge in stille optocht nei't boargemaster Hayo Apotheker en plysjesjef Kees Bangma in sinjaal ôfjaan woenen. De stille tocht krige lanlik in soad omtinken en it plan fan oanpak waard in foarbyld foar oare gemeenten. Heit Berend en mem Truus sjogge werom op dy jûn en ek Apotheker docht dat. De advokaat fan ien fan de fertochten komt ek oan it wurd.

Om Utens: Buorkje yn Texas

Om Utens: Buorkje yn Texas

08 April 1999

Yn it programma Om Utens wurde bekende Friezen portrettearre dy’t bûten Fryslân wenje en wurkje. Dizze útstjoering giet oer buorkje yn Texas. Gosse Damstra en Gerard Hoekman hiene beide de dream om boer te wurden, mar dat slagge net yn Nederlân. De twa mannen ha doe dizze dream realisearre yn it Amerikaanske Texas. De froulju fan de beide manlju moasten wol wat oertsjûge wurden om te ferhúzjen.