Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

ABD-sjoo 0108

ABD-sjoo 0108

14 Maaie 2002

Yn de achtste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme tal fan basisskoallen it tsjin inoar op yn dizze ôflevering mei fragen oer de Fryske taal. De skoallen dy't meidogge, binne: It Fûnemint út Wommels, De Skoalfinne út Warns, De Frissel út Feanwâlden, De Arke út Burgum, It Twaspan út Terkaple, Master Frankeskoalle út Earnewâld, It Klimmerbled út Sint-Nyk, De Foareker út Easterein, Trije Doarpen Skoalle út Reduzum, De Rank út Deinum, De Martenaskoalle út Bitgummole.
Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

Rondo Musica 6: Fioel

Rondo Musica 6: Fioel

03 April 2001

Yn Rondo Musica, in programma fan skoaltelefyzje, fertelt Tamara Schoppert oer muzyk. Yn diel seis stiet de fioel sintraal. Tamara praat mei Meinou van der Kooi dy't fioel spilet en by in repetysje is fan Theo Brouwer fan it Frysk Jeugd Orkest. We sjogge ek by Peter Valk, hy wit alles oer de skiednis fan de fioel en by fioelbouwer Jurriaan van Roon.

LTV-Generaasjes-3-BouweReinDijkstra-en-PeterDijkstra

Generaasjes 3: Bouwe Rein en Peter Dijkstra

16 April 2006

Bouwe Rein en Peter Dijkstra binne beide as dirigint aktyf yn de muzykwrâld. Heit Bouwe rjochte it ynternasjonaal ferneamde Roder Jongenskoor op, dêr't soan Peter ek by siet. Hy stie mei it koar yn it Concertgebouw foar de Matthëus. Ek rjochte er it Martini Jongenskoor yn Snits op. Soan Peter begûn as jonge sopraan, mar stie op syn 13de al te dirigearjen. Nei in stúdzje oan it konservatoarium is er suksesfol, û.o. mei it Nederlands Kamerkoor, en wurket er ek yn it bûtenlân. Muzyk spile thús in grutte rol. Beide fertelle oer har passy en ek wat de ferskillen tusken har binne.