Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Fryslan-Wetterlan-diel2_WR

Fryslân Wetterlân (diel 2)

25 Juny 2006

Foar Fryslân Wetterlân ha twa jonge filmmakkers yn gearwurking mei IdtV en Omrop Fryslân Fryske filmkes makke mei wetter as tema. De film 'Yn syn hannen' fan Murk Jaep van der Schaaf giet oer ielfisker Ale de Jager, dy't mei syn 42 jier jong is foar ien mei sa'n berop. We sjogge de film en as yntroduksje fertelt Murk Jaep oer wat er mei wetter hat, hy brocht as Akkrumer in soad op it wetter troch, en we sjogge by de opnames. Foar de film 'Stjoerlju' makke Remco Wagenaar in portret fan boatsjeminsken yn de Johan Frisoslûs yn Starum.

LTV_MAKKERS_FAN_ABE_WR_2

De makkers fan teäterspektakel Abe

10 Septimber 1995

We sjogge by de tarieding fan it teäterspektakel 'Abe', fan Tryater oer fuotballeginde Abe Lenstra. It stik rekonstruearret de wedstriid út 1950 fan Hearrenfean-Ajax dy't de Friezen nei 1-5 achterstân úteinlik wûnen mei 6-5. En we sjogge Abe (spile troch ferskillende akteurs) op ferskillende leeftiden. Skriuwer, regisseur en spilers en fuotballers komme oan it wurd en we sjogge by de technyk, want it wurdt spile yn it Abe Lenstrastadion.

BERNEBOEKSKRIUWERS_FR_WR2

Skriuwerslibben: berneboekeskriuwers Hanneke de Jong, Lida Dijkstra en Pieter Feller

03 Febrewaris 2002

Portret fan de berneboekeskriuwers Hanneke de Jong, Lida Dijkstra en Pieter Feller. Se fertelle oer har wurk, ynspiraasjeboarne, wat se belangryk fine yn in ferhaal en hoe't se it Frysk brûke. We sjogge se oan it wurk, Hanneke yn har skriuwcaravan en Lida oan it researchen by Tresoar. De skriuwers publisearje yn it Frysk en har wurk is ek yn it Nederlânsk ferskynd. Pieter is net Frysktalich, mar hat wol in boek fan him sels yn it Frysk fertaald, dat bliuwt lykwols mar by ien.