Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV-Generaasjes-5-PiterWilkens-en-YmiebijdeLeij

Generaasjes 5: Ymie bij de Leij en Piter Wilkens

28 Oktober 2006

Ymie bij de Leij spile toaniel by it selskip Roel Nijboer en it Jorwerter iepenloftspul, mar song ek fral, û.o. by bigbands. De leafde foar muzyk hat se oerdroegen oan soan Piter Wilkens, de eardere timmerman dy't no fan syn muzyk libje kin. Syn nijste cd is ynspirearre op wurk fan Cornelis Vreeswijk. Ek Ymie makke op har 70ste noch in cd. Der wie altyd muzyk yn 'e hûs en beide kinne der net sûnder.

Tet fan it stoart 4: Hout en plestik

Tet fan it stoart 4: Hout en plestik

09 Maart 1999

Tet fan it stoart is in programma fan skoaltelefyzje. Presintatrise Maaike Schuurmans lit sjen dat fan plestik ôffal wer nij guod makke wurde kin by Lankhorst yn Snits. Ek sjogge we hoe't fan hout papier makke wurdt.

50e en lêste kear de Fytsalvestêdetocht

50e en lêste kear de Fytsalvestêdetocht

24 Maaie 1996

Ek al hat er lêst fan 'e knibbel, Corry de Groot fytst dochs foar de fyftichste en lêste kear de Alvestêdetocht.