LINKKEKSTRA_HARKENSJOCH_4_SKRIUWEN

Linkk Ekstra: Hark en sjoch 4 oer Skriuwen

08 Septimber 2006

Oan de hân fan trije Fryske spylfilms lit Linkk Ekstra sjen wat it meitsjen fan in film ynhâldt. De trije films binne De Dream (1985) fan regisseur Pieter Verhoeff, De Fûke (2000) fan Steven de Jong en Sportman fan 'e ieu (2006) fan Mischa Alexander. Yn dizze ôflevering begjinne we by it begjin: it skriuwen.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 2

08 Febrewaris 2002

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wurk. Jildou de Vries sjocht by it heechste gebou fan Noard-Nederlân, de Achmeatoer. Dêrwei kin se fier de provinsje yn sjen, en sjocht se dat der in soad lânbougrûn is. Tine Bijstra fan de NLTO fertelt oer de ferskillende soarten lânbou, boeren, fiskers, túnkers, kassen en ierappelboeren.

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

Linkk Ekstra: Wurkje yn Fryslân 1

01 Febrewaris 2002

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel ien fan in searje oer wurk. Jildou de Vries ûndersiket hoe't it wurk ferdield is yn de provinsje. Yn Ljouwert wurkje in hiel soad minsken op in lytse romte, wylst de lânbou in soad grûn ynnimt, mar yn dy sektor wurkje wol minder minsken. Se leit út dat der trije ferskillende sektoaren binne: lânbou, yndustry en tsjinstferliening. Se praat mei Skelte Brouwers fan de provinsje.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 3

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 3

01 Desimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma fertelt oer hoe't útwreiding fan in plak ta stân komt. Se docht dat oan de hân fan it plan Houkepoort, dat in nije wyk by Snits wurde moat, dat no noch in stik greide is. Se praat mei de ûntwerper fan it plan, stêdeboukundige Ashok Bhalotra en Bouke Oppewal fan de gemeente.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 2

17 Novimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel twa fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma fertelt oer de struktuer fan in wenplak. Se lit de ferskillen sjen tusken de havenstêd Harns, dat in âlde stêd is, en it turfdoarp Nij Beets, dat in jonger plak is. Se praat mei Hugo ter Avest fan Museum Het Hannemahuis yn Harns en mei Fokke Veenstra fan museum It Damshûs yn Nij Beets. Fierder lit arsjitektuerkenner Peter Karstkarel sjen datst oan de bûtenkant fan de huzen sjen kinst yn watfoar perioade oft it hûs boud is.

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 1

Linkk Ekstra: Wenje yn Fryslân 1

03 Novimber 2000

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel ien fan in searje oer wenjen. Jildou Hoitsma sjocht yn Huzum, in wyk yn Ljouwert dy't eins in doarp is. Se praat mei sjonger Piter Wilkens oer syn doarp Marsum, mei ûnder oare Poptaslot. Se lit sjen datst op subjektive wize nei dyn buert sjen kinst, it is moai en gesellich, mar ek objektyf, datst mjitte kinst hoefolle huzen oft der steane bygelyks. De ferskillende buerten fan Ljouwert komme oan de oarder en Klaas Zandberg fan it gemeente-argyf fertelt oer de skiednis fan Huzum.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

15 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

Linkk Ekstra: Midsiuwen 3

28 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel trije oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt oer figueren dy't fan ynfloed west ha yn de Midsiuwen, lykas Grutte Pier en Bonifatius. Se fertelt oer de striid dy't der wie tusken de Skieringers en de Fetkeapers en oer de stinzen.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

21 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel twa fan de searje oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt dizze kear oer it ûntstean fan de stêden en de huzebou. Yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn is te sjen hoe't minsken doe wennen. De pest brekt út en makket tûzenen slachtoffers. Ek fertelt Jildou oer godstsjinsten.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 1

Linkk Ekstra: Midsiuwen 1

14 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel ien fan de searje oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Fryslân seach der doe hiel oars út, de Middelsee rûn fier de provinsje yn en Ljouwert lei oan see. It lân strûpte faak ûnder en minsken wennen op terpen en bouden diken om drûge fuotten te hâlden. Wat is no noch út dy tiid te sjen yn it Fryske lânskip? Archeologen ha fan alles fûn yn de grûn by terpôfgravingen.

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

Linkk Ekstra: Oerfloed 3

29 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 3 stiet wer in oar aspekt fan duorsumens sintraal. We sjogge by de foarstelling Oerfloed fan BUOG, makkers Pieter Stellingwerf en Kees Botman lizze út dat se learlingen bewust meitsje wolle fan duorsumens. Keunstner Anneke Soldaat makket objekten fan ôffal en lit learlingen taskes meitsje. Jildou de Vries leit it belang fan ôffalskieding en recycling út. By Lankhorst yn Snits meitsje se pealtsjes fan lânbouplestik. En by de Fairtradewinkel wurde inkeld 'earlike' produkten ferkocht.

Linkk Ekstra: Oerfloed 2

Linkk Ekstra: Oerfloed 2

16 April 2004

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, giet oer oerfloed. Yn diel 2 steane klimaatferoaring en de opwaarming fan de ierde sintraal. Jildou de Vries leit út wat dat is. Jan Fokke Meirink fan it KNMI fertelt deroer en Monte Hallema fan Wetterskip Fryslân leit út wat de gefolgen binne. Simon Bijlsma fan de Friese Milieu Federatie fertelt oer de soarch foar natuer, planten en bisten.

Pages