No Wy: scouting

No Wy: scouting

02 Novimber 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering meitsje de jongeren fan scouting Jambowa út Boalsert in telefyzje-útstjoering mei nijs, waar en reklame. Of eins is it in persiflaazje dêrop. Ien fan de nijsitems is de ferhuzing fan de scouting nei in nij te bouwen kluphûs.

No Wy: it FYK yn Italië

No Wy: it FYK yn Italië

26 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering litte Doutsen Dijkstra en Ydwine Willemsma fan it FYK (Frysk Ynternasjonaal Kontakt) har útwikselingsreis nei de Sloveenske minderheid yn Italë sjen. De Fryske jongeren wurde dêr bypraat oer de taal en kultuer, it ûnderwiis, de media en de ekonomyske posysje fan de Slovenen yn Italië en fertelle ek oer de Fryske sitewaasje. Mar fansels ha se benammen in soad wille mei elkoar.

No Wy: Ayser út Irak

No Wy: Ayser út Irak

19 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering folgje we Gemma Jissink dy't foar de skoalkrante in reportaazje meitsje sil oer Ayser Al-Hadity. Hy komt út Irak en wennet mei syn famylje hast twa jier yn it asylsikerssintrum yn Snits. Se wachtsje op in ferbliuwsfergunning. De famylje is flechte om't se it net iens wienen mei it regear fan Saddam Hoessein. Ayser is hiel muzikaal en spilet yn twa bands. Gemma freget him nei syn libben earder en no.

No Wy: De anderen

No Wy: De anderen

10 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering stiet in toanielfoarstelling sintraal, De anderen. It is in stik yn regy fan Gooitsen Eenling spile troch learlingen fan de Friese Poort. It giet oer de Twadde Wrâldoarloch en geweld. Piet Bleeker filme de foarstelling en in besite oan konsintraasjekamp Dachau. Hy lit boppedat sjen dat geweld ek hjoed-de-dei foarkomt, bygelyks tsjin homo's yn de trein. Ek komt in oerlibjende oan it wurd, C.C. Steensma.

No Wy: Studinte Si-Ra Meeuwsse

No Wy: Studinte Si-Ra Meeuwsse

10 Oktober 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is de film te sjen dy't Si-Ra Meeuwsse makke fan har âld-klasgenoaten fan it VWO yn Snits. Se folget trije fan har no't se earstejiersstudint binne en op keamers wenje. It binne Maaike Trousset dy't op de ALO yn Grins sit, Hiske van den Bergh dy't studint sosjale wittenskippen yn Utrecht is en Tijmen Hommes, hy studearret medyske biology yn Amsterdam. Si-Ra filmet se op de studintekeamer, by de kolleezjes en ûnderweis yn de trein.

No Wy: Fannacht

No Wy: Fannacht

28 Septimber 2000

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is de film Fannacht te sjen dy't in groep skoalbern út Jobbegea makke hat. It idee kaam fan Aaltsje Eijer dy't grut fan is fan musicals en in Fryske West Side Story meitsje woe, ek mei ferskes oerset yn it Frysk. Yn it ferhaal steane twa groepen tsjinoer elkoar: kakkers en hippys. In famke út de hippygroep hat ferkearing mei in jonge út de kakkergroep, mar dat is fansels geheim.

No Wy: De Seedyk

No Wy: De Seedyk

04 Novimber 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is de film Seedyk te sjen. Studinten fan de teateroplieding yn Zwolle ha de film makke. It is in realitysoap oer trije minsken. Grytsje, Priscilla en René ferhúzje fan de Amsterdamske Zeedijk nei Fryslân, nei in lyts húske oan de seedyk. Dêr belibje se allerhanne aventoeren. De Fryske Grytsje hat it bot nei har sin yn har heitelân, mar de oare twa der mear muoite mei.

No Wy: Boot

No Wy: Boot

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is in film te sjen fan Mirjam de With. Se docht foar de twadde kear mei oan No Wy. Se hat ek it skript fan Boot skreaun. In ploechje fan fjouwer freonen fiert fakânsje op in boat as in frjemde man oan board komt. Hy bynt se fêst, mar Kim net. Dy beskôget er as syn dochter en mei har wol er fakânsje fiere. Uteinlik docht bliken dat de man in psychopaat is en wurdt elkenien befrijd. De man wurdt ophelle troch psychiaters.

No Wy: Ardennen

No Wy: Ardennen

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering giet in groep fan fyftich learlingen fan it Lauwers College út Bûtenpost op survival mei de bus nei de Ardennen yn België. Yn de film ha trije learlingen problemen, ien knipt hier fan oaren ôf, in oar is drugsferslave en noch in oar moat har hieltyd ferklaaie. Mar de ôflevering lit foaral sjen wat de learlingen allegear meimeitsje, mountainbike, kayakke en abseile, mar ek ouwehoere yn de sliepkeamers en de bonte jûn, donderjeie mei de oare sekse en tefolle drank.

No Wy: Jeugdteaterskoalle

No Wy: Jeugdteaterskoalle

14 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering binne dat learlingen fan de Jeugdteaterskoalle yn Ljouwert. Se ha in film makke dêr't se sels learlingen fan de Jeugdteaterskoalle yn spylje. Der binne twa groepen, de iene groep is stoer en de oare bestiet út nerds. Yn de Prinsetún komt it ta in konfrontaasje. Boppedat is der ien dy't him fersliept hat en te let op de les komt.

No Wy: Lyndensteyn, Beetstersweach

No Wy: Lyndensteyn, Beetstersweach

18 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering binne dat learlingen fan Lyndensteyn yn Beetstersweach. Se filmje har libben op skoalle en dêrbûten. Fanwegen in lichaamlike beheining sitte se op dizze skoalle dêr't se deselde fakken krije lykas op oare skoallen. We sjogge hoe't Doede Visbeek it doarp yngiet om ynkeapen te dwaan foar it jûnsiten. Margriet Wolters hâldt fan sjongen en treedt op mei de skoalband.

No Wy: meidenwerk

No Wy: meidenwerk

07 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering komme de njoggen fammen fan Meidenwerk oan it wurd. Se komme alle wiken by elkoar yn it jongereinsintrum It Syl op De Lemmer. Mei begelieder Rita Louwsma dogge se allerhanne saken, se prate oer de leafde, moade, jonges en uterlik. Foar de film makken se in talkshow oer in famke dat fereale is op de gymlearaar en showe se de nijste moade.

Pages