Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sjoch mar: Kermisloop

Sjoch mar: Kermisloop

16 Juny 1997

Beswitte hollen, seare fuotten en in izeren kondysje, dat ha de dielnimmers fan de kermisloop yn Sint Jabik. Arjen de Boer siket de rinners op.

LTV: 75 jier Hollanderwyk (diel 1)

LTV: 75 jier Hollanderwyk (diel 1)

15 Desimber 1991

Dokumintêre oer de Hollanderwyk yn Ljouwert. We sjogge achter de foardoar by ferskate bewenners, dy't oer har buert fertelle. Ek sjogge we de skiednis fan de wyk, boud nei in ûntwerp fan W.C. de Groot, en âlde bylden fan de buert en Ljouwert.

Sadwaande: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas

Sadwaande: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas

19 Novimber 1997

Sadwaande is in programma dat him rjochtet op de ekonomy en bedriuwen. Nije fakatueres, ûndernimmers fan it jier en wa is de bêste kollega, in hiel soad ûnderwerpen komme foarby yn dit programma. Dizze kear: bekeuringen, bûgels en Sinteklaas.