Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fryslan yn de Tritiger jierren diel 2: Wurkferskaffing

Fryslan yn de Tritiger jierren 2: Wurkferskaffing

11 Novimber 1989

It programma ‘Fryslân yn de tritiger jierren’ jout mear ynsicht yn krisistiid fan de jierren tritich. Yn dizze útstjoering fertelle Wierd Visser, Wytse de Boer en oare arbeiders oer wurkferskaffing.

It Wetter Op 11: Doede Veeman

It Wetter Op 11: Doede Veeman

25 Augustus 1999

Ferslachjouwer Afke Meekma en kameraman Dirk Hofstede binne op de Burgumermar yn in boatsje mei sjonger Doede Veeman. Hy hat jierren lyn in protestliet makke tsjin de komst fan de elektrisiteitssintrale oan de mar. Dy is nettsjinsteande fûle protesten yn 1974 yn gebrûk nommen. Oan de ein moat ien sa rap mooglik in pealstek (knoop) lizze.

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

Hjoed: Opskuor om de dominomosk

15 Novimber 2005

Noch net earder hat de dea fan ien mosk foar safolle opskuor soarge as dy fan de dominomosk. It fûgeltsje wie it ôfrûne wykein de hal fan it FEC ynflein dêr't drok wurke waard oan Domino Day. It bist smiet goed tweintichtûzen stientsjes om. Om mear skea foar te kommen is de mosk mei in luchtbuks deasketten. Dat hat oant oer de Nederlânske grinzen foar lilke reaksjes soarge.