Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

MG tefee mei Sybe Satellyt 23

MG tefee mei Sybe Satellyt 23

01 Maaie 2003

Omdat de potkachel fan Sybe wat te folle reek jout en net rjocht baarne wol, giet er op syk nei oare foarmen fan branje. Fan Slochteren en Grins ôf, giet er nei Koatstertille en Aldeboarn. As lêste plak docht er De Gordyk noch oan. Mar úteinlik fynt Sybe sels gas tichtby syn eigen húske.

LTV_HAVEN_HARNS_1_FR

De haven, de stêd en de Harnzers (diel 1 )

06 Jannewaris 2002

Twalûk oer de haven fan Harns. Yn 1877 waard de Willemshaven oanlein en no binne der plannen foar de oanlis fan in nije yndustryhaven. Is dat miljoeneplan helber? Foar- en tsjinstanners komme oan it wurd en ek de brûkers fan de haven. De sitewaasje yn de besteande yndustryhaven mei bedriuwen, sâltfabryk Frima en in skipswerf is nuodlik. Mei de nije haven wol de stêd oansluting hâlde en it smyt wurk op. Argyffilmkes litte bylden fan de âlde haven sjen.

ABD-sjoo 0205

ABD-sjoo 0205

21 Jannewaris 2003

De ABD-sjoo is in kwisprogramma foar basisskoallen presintearre troch Jan Arendz. Yn dizze ôflevering nimt de Heidepolleskoalle fan Wolvegea it op tsjin de Foeke Sjoerdskoalle út Easternijtsjerk.