Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wurktiid TV: WSW

Wurktiid TV: WSW

29 Novimber 1995

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de WSW, de wet op de sosjale wurkfoarsjenning, subsidiearre banen foar minsken mei in ôfstân nei de arbeidsmerk. Direkteur F. Kooiker fan De Woudengroep fertelt oer it nut fan de wurkpleats en wurknimmers T. Gevers en F. van Velzen fertelle oer it wurk dat se dogge yn de wurkpleats, se meitsje ortopedyske produkten.

180703_SADWAANDE_OER_JIRPELS_14_10_1998.mp4

Sadwaande: Ierappel

14 Oktober 1998

Dizze Sadwaande giet oer de ierappel of jirpel. Se komme fan oarsprong út Súd-Amearika. Yn Fryslân binne boeren dy't foar de konsumpsje ferbouwe, of setters of spesjalisten fan de ZPC. We sjogge by in gruthanneler dy't de ierappels test, by de jirpelboer en by it kweekbedriuw fan de ZPC yn Mitselwier dêr't se nije soarten kweke. Ingrid is yn de keuken fan De Slotpleats yn Bakkefean dêr't se mei de kok wat lekkers makket fan de ierappel.

Baas Boppe Baas 0305: Geit ferstekke

Baas Boppe Baas 0305: Geit ferstekke

01 Jannewaris 2003

Beant hat in protte pine as hy pisje moat. De mannen út de kroech fertelle him as grapke dat in joint him helpe kin. Soe hy it besykje?