Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

HJOED_281295_RepoIselmartochtSurch

Reedride op de Iselmar

28 Desimber 1995

In hiel soad leafhawwers skreaunen har yn foar de Iselmartocht, organisearre troch de 100-jierrige iisklup fan Surch. Mei in skower foar de (Citroën) Eend wie in baan skjinfage fan in rûntsje fan fiif kilometer. Under de dielnimmers ek boargemaster Piersma.

180712_SADWAANDE_OER_FRYSKE_BOEKEWIKE_23_02_2000.mp4

Sadwaande: Fryske boeken

23 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer Fryske boeken, nei oanlieding fan de start fan de Fryske Boekewike. Yn kafee De Gekroonde Roskam yn Wytmarsum besprekt Jan Pieter Janzen nij ferskynde Fryske titels. It Boekewikegeskink, Kuneara, is skreaun troch Akky van der Veer en se sit ek oan tafel. Fierder fertelt Joke Keizer oer de ynspiraasje fan har nijste boek, har beppes. En we sjogge by de Koperative Utjouwerij yn Boalsert. De Q wurdt sjoen as in 'lestige' klup dy't drege boeken útjout fan skriuwers lykas Trinus Riemersma.

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

Wyn op Woansdei: Requiem foar Romein

09 Maart 2005

Programmamakker Annet Huisman folget Theater Romein yn Ljouwert dat hast ticht moat. De Westertsjerke biedt plak oan in ferskaat oan kulturele uteringen lykas dûns, literatuer, muzyk, keunst, debat, teätersport en eksposysjes. De polityk hat besletten dat Romein slute moat, mar de besikers, meiwurkers en artysten binne it der net mei iens. We sjogge by it stêfoerlis, it konsert fan Conjunto Ibérico en teätersport.