Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_220502_BOUWE_HARKEMA

Sadwaande: De Harkema

22 Maaie 2002

Dizze Sadwaande giet oer De Harkema. Wat opfalt is dat in soad Harkiten har eigen hûs bouwe, hoe komt dat? En wêr komt dy giele stien wei? We prate mei jonge boufakkers dy't yn eigen tiid har hûs bouwe en we sjogge by De Spitkeet, it âldste hûs fan it doarp. We hearre oer de skiednis en wat de aard fan de Harkiten is. Floris is gek op boufakkers, en dan benammen ien spesjaal plakje.

180712_SADWAANDE_OER_NETWURKJE_16_02_2000.mp4

Sadwaande: Netwurkje

16 Febrewaris 2000

Dizze Sadwaande giet oer netwurkje. NHL-dosint Anton Wachter jout dêr kursussen yn en leit út watst dwaan en net dwaan moatst. We sjogge ek by it frouljusnetwurk, dêr't 65 froulju by oansletten binne. It bestjoer fertelt oer nut en needsaak. En we sjogge by de sakeklup fan SC Hearrenfean. Tal fan mannen komme dêr by elkoar om te iten, te praten en kontakten te lizzen. Prinses op learzens is ek oan it netwurkjen of is it no 'net wurkje'?

De Nije Skoalle 2: Brêgeklasse en middenskoalle

De Nije Skoalle 2: Brêgeklasse en middenskoalle

14 Jannewaris 1988

De Nije Skoalle is in rige út 1988 oer de kar fan in ferfolchoplieding nei de basisskoalle. De twadde útstjoering giet oer de brêgeklasse en de middenskoalle. Troch ferskate ynterviews mei rektoaren, leararen en oare saakkundigen wurdt der ynsicht jûn yn dizze twa skoallen.