Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_TSJINSTBER_170900_WR

Tsjinstber

17 Septimber 2000

Portret fan fjouwer froulju. Alie Veldman wie 38 jier ûnderwizeres, Hinke Dijkstra wie ynpakster op it bûterfabryk, Grietsje Kroese-de Jong wie ferpleechster en Gien Geestman wie juf op in bernedeiferbliuw. Se fertelle oer har wurk, oplieding en ûnderfiningen en sjogge wat der allegear feroare is.

Spegels: Maaike Schuurmans en Klinkslag festival

Spegels: Maaike Schuurmans en Klinkslag festival

27 Febrewaris 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear in portret oer aktrise en sjongeres Maaike Schuurmans tidens de musical Jo. En in repotaazje yn Koudum by it Klinkslagfestival en de band SKARL.

LTV_POADIUM_2_SUVERNUVER

LTV Poadium 2: Portret fan mimegroep Suver Nuver

10 Desimber 1989

In portret fan mimegroep Suver Nuver. Har foarstelling 'Danspaleis Jericho of de gevaren van cosmetica' wie in hichtepunt op it Frysk Festival. We prate mei de trije leden fan it selskip: Dette Glashouwer, Peer van den Berg en Henk Zwart oer de Fryske taal en har relaasje mei Fryslân. Ek sjogge we hoe't se har tariede foar in foarstelling en sjogge by tariedingen foar in nije foarstelling dy't by skipswerf De Hoop yn Warkum wêze sil.