Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FryslanDOK_Fierljeppers-yn-Korea-1_WR

Fierljeppers yn Korea (diel 1)

18 Desimber 2008

De fjirde Wrâldspelen foar net-olympyske sporten wiene yn de stêd Busan yn Súd-Korea. Neist kompetysjesporten binne der ek demonstraasjesporten, dy't letter mooglik in fêst ûnderdiel fan de spelen wurde kinne. Yn 2008 wiene der fierljepdemonstraasjes, bedoeld om mear omtinken foar de sport te generearjen yn oare plakken op de wrâld. Omrop Fryslân folge de Nederlânske delegaasje fierljeppers op harren missy.

ABD-sjoo 0109

ABD-sjoo 0109

04 Juny 2002

Yn de njoggende en lêste ôflevering fan it earste seizoen ABD-sjoo nimme de basisskoallen Menno van Coehoornskoalle út Ljouwert en de Van Kleffensskoalle fan It Hearrenfean it tsjin inoar op. Yn de filmkes sjogge we allegear gebouwen: útkyktoer Belvédère by Oranjewâld, Hooglandgemaal by Starum, stedhûs yn Boalsert, Poptaslot yn Marsum en Crystalic yn Ljouwert. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).

No Wy: Boot

No Wy: Boot

21 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is in film te sjen fan Mirjam de With. Se docht foar de twadde kear mei oan No Wy. Se hat ek it skript fan Boot skreaun. In ploechje fan fjouwer freonen fiert fakânsje op in boat as in frjemde man oan board komt. Hy bynt se fêst, mar Kim net. Dy beskôget er as syn dochter en mei har wol er fakânsje fiere. Uteinlik docht bliken dat de man in psychopaat is en wurdt elkenien befrijd. De man wurdt ophelle troch psychiaters.