Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

De dei nei de tocht 1997 #2

De dei nei de tocht 1997 #2

05 Jannewaris 1997

Dit is in neibeskôging fan de tocht fan ’97. Gryt van Duinen stiet mei in live ferbining op it iis fan de Alde Leie. Se praat ûnder oare mei Henk Kroes, Cees Bijl, Willem Poelstra en Jan Stienstra. Dêrneist binne der yn dizze útstjoering reportaazjes oer it publyk en de nacht fan Alde Leije.

ITPETEAR_TINY_MULDER_020496_WR

It Petear: Tiny Mulder

02 April 1996

Bouke Oldenhof yn petear mei skriuwster Tiny Mulder.

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

Wyn op Woansdei: Friesch Dagblad

15 Oktober 2003

Programmamakker Evert van den Berg sjocht by it Friesch Dagblad, de krante bestiet 100 jier. Hy wol witte wa't de 20.000 leden-lêzers binne, hoe't de takomst fan it FD der útsjocht en hokker minsken dy krante meitsje. It is bekend dat de lêzers fan it FD gemiddeld net sa jong mear binne en dat de mearderheid kristlik is. Hy wie op besite by in FD-lêzersjûn yn Oerterp, op 'e redaksje, by de printers en ek by kollega's fan 'dy oare krante'.