Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_MELKERTBANEN_FR_190103_WR_1

De wearde fan wurk

19 Jannewaris 2003

We sjogge by it serviceteam súd fan de gemeente Ljouwert. De wurknimmers dogge allerhanne wurksumheden yn de iepenbiere romte, se rêde 'grof vuil' op en struie. De minsken wurkje mei behâld fan útkearing yn saneamde Melkertbanen, mar dy foarsjenning stiet faai. Guon wurknimmers fertelle oer har persoanlike sitewaasje.

180706_SADWAANDE_OER_GROEI_30_09_1998.mp4

Sadwaande: Groei

30 Septimber 1998

Dizze Sadwaande giet oer groei, by minsken, planten en bisten. Ingrid is by de berne-dokter en praat mei Rindert dy't hormoanen krijt om te groeien en mei Tineke dy't groeiremmers krijt. Ytsen Kooistra fan Sûne Grûn leit yn syn achtertún út oer de groei fan planten, we sjogge by in folkstún. In feesaakkundige en in feefokker prate oer de groei fan kij.

De Dyk Ut 08

De Dyk Ut 08

20 July 1998

De Dyk Ut. Oflevering 8: Fan Aldebiltsyl fia Nij Altoenae nei Swarte Haan