Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_Samson-Delilah_WR

Samson en Delilah

01 Jannewaris 2008

De operafilm Samson en Delilah is basearre op de ferneamde opera fan de komponist Saint-Saëns. De bibelske striid tusken Hebreëers en Filistijnen wurdt oerset nei de hjoeddeistige situaasje mei uzi's en bommen. Fan regisseur Corina van Eijk.

LTV_100-jier-Frysk-yn-it-underwiis_WR

Hûndert stapkes: 100 jier Frysk op skoalle

28 Oktober 2007

Tsjin de achtergrûn fan de skiednis fan it twatalich ûnderwiis yn Fryslân - de stadige stapkes fan ferbod nei ferplichting - wurdt sjen litten hoe't it der op dit stuit foarstiet mei it Frysk op skoalle. Yn it programma ek minister Ronald Plasterk fan ûnderwiis. Oan him de fraach foarlein hoe't hy tasjen sil op it neikommen fan de wetlike ferplichting. Koen Zondag fertelt oer de skiednis fan it twatalich ûnderwiis. We sjogge op in skoalle yn Grou dêr't se Fryske dagen hawwe en by in teleles op it middelber ûnderwiis yn Snits.

LTV_HAVEN_HARNS_2_FR

De haven, de stêd en de Harnzers (diel 2)

13 Jannewaris 2002

Twalûk oer de haven fan Harns. Yn 1877 waard de Willemshaven oanlein. Dy bedriuwen moatte dêr wei en plak meitsje foar wenningbou. Der binne plannen foar in bûtendykse havenútwreiding. Foar- en tsjinstanners fan de bouplannen komme oan it wurd, lykas de boargemaster, de brune float en de hannel.