Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

Wyn op Woansdei: Lauwerseach

28 Maaie 2003

Programmamakker Albert Jensma sjocht by de fiskershaven fan Lauwerseach. Dy moat de kommende jierren de omslach meitsje fan fiskershaven nei toeriste-oard. Dat blykt út in rapport oer de takomst fan de haven fan Lauwerseach, want it giet net goed mei de fiskerij en de hannel deryn. Op de fiskôfslach wurdt hieltyd minder fisk oanfierd omdat de see leech rekket. De gruttere fiskersskippen komme hjir net omdat de fargeul te ûndjip is. Dan komt der noch by dat de thúsfloat fan in lytse 70 garnalekotters op dit stuit yn in flinke krisis sit.

LTV_LAN_FAN_DREAM_EN_WINSKEN_4_MICHIGAN_200200_WR

Lân fan Dream en Winsken: diel 4: Holland, Michigan

20 Febrewaris 2000

We folgje Hendrik Baron, Sippe Boonstra en Feije Hekstra dy't yn de steat Michigan wenje. Baron emigrearre yn 1948 nei Amearika, dêr't er heechlearaar Ingelske taal- en letterkunde waard. Hekstra makke yn 1952 de oerstek, hy hat no in grutte stâl mei Fryske hynders. Boonstra, oarspronklik fan Tsjummearum, hat in boekhannel. Alle trije fertelle se oer wat se berikt ha yn it libben, mar ek dat se eins nergens thús hearre, se tinke bot nei oer har identiteit. Mei Hendrik Baron en Feije Hekstra geane we ek werom nei harren berteplak yn Fryslân (De Pein en Damwâld).

180717_SADWAANDE_DE_LOFT_YN_BALLONFARRE_SWEEFFLEANE_21_06_2000.mp4

Sadwaande: Ballonfarre

21 Juny 2000

Dizze Sadwaande giet oer ballonfarren en oare saken yn de loft. We sjogge by de Friesche Aero Club yn Ljouwert dêr't sweeffleaners sitte. En we sjogge by minsken dy't foar har wurk heech yn de loft wurkje moatte lykas glêzewaskers. En we farre mei in ballon mei, en ek in kolonel giet foar it earst mei yn it bakje. En prinses op learzen kin fleane nei it drinken fan energydrink.