Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV Boer en soarch

LTV Boer en soarch

26 Maaie 2002

In dokumintêre oer fjouwer Fryske soarchbuorkerijen. Dy pleatsen kombinearje it buorkjen mei soarch. Sa komme by de famylje De Vries yn Oentsjerk yn it wykein ferstanlik handikapten útfanhûs. Alderen en ferpleechhûsbewenners fan it Skewiel út Oentsjerk en Nieuw Toutenburg út Burgum 'helpe' Tom Krol yn Droegeham twa middeis yn 'e wike op syn ekologyske buorkerij. Sjoerd de Hoop fan de Lytse Jouwer biedt wurkûnderfining oan in WAO'er en in learling fan it bysûnder ûnderwiis. Jongeren dy't 'moeilijk plaatsbaar' binne, krije in plakje by De Pleats út Himpens.

LTV_Drents-Friese-Wold_doku_WR

It bosk is fan ús allegear - oer it Drents Friese Wold

18 Septimber 2005

Yn Nasjonaal Park Drents Friese Wold wurde tal fan beammen kapt om sa mear fariaasje te krijen. It gebiet bestiet út 4.000 bunder bosk, der is heide en it woestyngebiet Keale Dunen. It kappen troch Steatsboskbehear ropt heftige reaksjes op. Der wurde ynformaasjejûnen belein foar omwenners en der wurdt in aksjegroep oprjochte dy't yn de supermerk mei ynformaasje stiet. Earder is de wetterhúshâlding yn it gebiet mei it Beekdal al opknapt. It Nasjonale Park smyt mear bekendheid op wat goed foar de rekreaasjesektor, lykas de camping, is.

LTV_DISKODOARP_241196_WR

Diskodoarp Berltsum

24 Novimber 1996

We sjogge yn Berltsum, in doarp mei trije tsjerken en twa diskoteken. Alle sneontejûnen komme der sa'n 2.000 jongeren nei diskoteek Hof van Holland. Twa stappers komme oan it wurd, de meiwurkers en ek de plysje dy't wolris optrede moat. In part fan de jeugd giet net nei de disko mar nei de bibeljûn fan tsjerke, ek dy komme oan it wurd.