Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Marten de Mûs: Dat giet mâl

Marten de Mûs: Dat giet mâl

02 Febrewaris 1988

De aventoeren fan Marten de Mûs.

Spegels: Frysk jeugdorkest en Sinteklaasmearkes

Spegels: Frysk jeugdorkest en Sinteklaasmearkes

04 Desimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: it Frysk jeugdorkest stiet op it poadium mei De Kast en Sinteklaasmearkes, wêr komme dy wei?

ABD-sjoo Pilot

ABD-sjoo Pilot

24 April 2001

Yn de alderearste ôflevering fan de ABD-sjoo, de pilot, nimme de basisskoallen de boargemaster Thalenskoalle út Akkrum en de master Wielsmaskoalle út Grou it tsjin inoar op. Oan de hân fan filmfragminten moatte de bern fragen oer de Fryske taal beäntwurdzje. Yn de filmkes komme ûnder oare foarby: ielrikje by Doede Bleeker, fierljeppe by Rimmer Abma, asfalt meitsje, in jonge Sven Kramer, glêzewasker en it Noarderleech. Presintaasje is yn hannen fan Sjonny Eagle (Jan Arendz).