Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: It Fryslân fan, Rinny Siemonsma en de Ljouwerter Bachferiening

Spegels: It Fryslân fan, Rinny Siemonsma en de Ljouwerter Bachferiening

06 Novimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Fiif filmmakkers, Marijke Jongbloed, Roel van Dalen, Pieter Verhoeff, Jos de Putter en Frans Bromet binne frege om in dokumintêre te meitsjen oer de feroarings yn Fryslân. It idee is ynspirearre op it boek Hoe God verdween uit Jorwert fan Geert Mak. Fierder omtinken foar keunstner Rinny Siemonsma mei Karst Berkenbosch en de skiednis fan de Ljouwerter Bachferiening. Dy bestiet 50 jier.

Wâldrock 2004

Wâldrock 2004

19 Juny 2004

De fjirtjinde edysje fan Wâldrock yn Burgum is fan start gien. De sfear siet der goed yn, ek al wie it sa út en troch wat reinich. De kaartferkeap falt úteinlik toch noch wol ta, yn totaal binne der noch sa'n 8.500 kaartsjes ferkocht. Der is plak foar sa'n 12.000 minsken, mar om't der dit jier gjin grutte act is, binne dat der wat minder wurden. Wylst Wâldrock iepene wurdt troch de Fryske band Mortuary I.O.D, stiet der foar de yngong noch in grutte rige. De kaartsjes binne ferkocht oan minsken út hiel Nederlân en fan alle leeftiden. Wâldrock is dit jier wat lytser fan opset.