Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_WAAD_2_FR

De see komt oer it lân: It Waad (diel 2)

10 Juny 2001

Yn dit twadde diel sjogge we oan fêste wâl, by de kust fan Marrum ûnder oare. Nei jierren fan ynpolderjen wie de Lauwerssee it lêste stik dat ynpoldere waard. In slykwurker fertelt hoe't eartiids wurke waard op de kwelders. No wurdt boerelân natuer. We sjogge ek oer de grins by de kust, yn Grinslân en yn Dútslân. It Noarderleech is no in plak dêr't fee weidzje kin.

Spegels: Koopmans en Huisman

Spegels: Koopmans en Huisman

24 Maart 2005

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Mei dizze kear in dûbelportret fan twa skilders dy't beide in bekinde keunstner as heit hawwe. Gosse Koopmans (soan fan Klaas Koopmans) en Grietje Huisman (dochter fan Jopie Huisman).

LTV_FISKJE_OP_IT_WAAD

Fiskje op it Waad

12 Septimber 1993

We sjogge oan board fan Wiepie en Binne Toering, se farre mei in garnalekotter op it Waad by Harns. Hy fertelt oer it wurk, we sjogge ek by de ôfslach yn Harns. Syn heit, Willem, wie ek al fisker. Alle jierren sjocht de famylje by it skûtsjesilen op De Lemmer.