Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Spegels: Henriëtte Pieperiet en CKV-les

Spegels: Henriëtte Pieperiet en CKV-les

11 Desimber 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Dizze kear: Henriëtte Pieperiet, sjongt ferskes oer Skiermûntseach, yn de taal fan it eilân en kultuerele lessen yn it middelber ûnderwiis.

Tritigers 0102: Op syk nei de leafde

Tritigers 0102: Op syk nei de leafde

12 Novimber 2002

Bern, relaasjes, karriêre, lifestyle. It binne in pear ûnderwerpen dy't yn it programma Tritigers oan bar komme. Fêst ûnderdiel fan it programma is it 30+panel mei Jantien de Boer, Kees, Bote, Bert, Lucy, Agnes Sambrink en Iqbal dy't fertelle hoe't sy tsjin tema's oansjogge as âlder wurde, uterlik, skoanâlden, rykdom, relaasjekrisis en oare saken dy't harren dwaande hâlde. Yn it twadde diel steane datingburo's sintraal. Der is in reportaazje oer Ytsje Keekstra en Roland van der Veen dy't in pleechgesin binne.

Sybe Satellyt 0405

Sybe Satellyt 0405

18 Jannewaris 1994

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht yn it flechtlingesintrum fan Ljouwert dêr't Fryske en bûtenlânske bern meiïnoar yn de kunde komme en hy praat mei Bosnyske bern op skoalle de Hoogfinne yn Ljouwert. Fierder giet Sybe nei de karnavalsferiening yn Blauhûs.