Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

Wyn op Woansdei: Frijheidswyk

29 Oktober 2003

Programmamakker Annet Huisman freget har ôf hoe't de minsken fan de Frijheidswyk sels har buert belibje. De Ljouwerter wyk is de lêste tiid tige negatyf yn it nijs. In sjitpartij by it winkelsintrum, in stekpartij yn supermerk mei in skroevedraaier. De eigener fan dizze winkel slút letter de saak. Se praat mei in hiel soad bewenners. De wyk is 'stedsfernijingsgebiet': yn de kommende jierren wurdt de buert flink fernijd of renovearre. Sokke prosessen geane altyd traach en it gefaar driget dat yn dy tuskentiid de problemen earder grutter as lytser wurde.

LTV_FROULJU_STEATEBANKEN_090303_WR

Froulju yn Steatebanken

09 Maart 2003

Sân politike partijen ha froulike kandidaten op ferkiesbere plakken. Se prate mei ôfgeand Steatelid Ineke Verdoner (GrienLinks) oer it wurk, de ferhâlding man-frou, idealen en ferwachtingen. De froulju binne: Marianne van Hall (CDA), Hanny Palmen (SP), Tine Bijstra (VVD), Janny van der Molen (PvdA), Annigje Toering (FNP), Sietske Leistra (CU-SGP) en Irona Groeneveld (GrienLinks). Ek binne der portretsjes fan de froulju en fertelle se wat de stânpunten binne op it mêd fan ûnderwiis, wenjen, lânbou, ekonomy en ferfier.

Sybe Satellyt 0202

Sybe Satellyt 0202

08 Oktober 1991

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy sjocht by ien dy't mei in metaaldetektor de ôfgroeven terp by Winaam neisiket op âlde munten. Archeolooch Jan Schonevelt lit de fynsten sjen dy't se dien ha, lykas in hynsteskedel út 700 nei Kristus. Fierder giet Sybe op besite by in skoalle yn Sondel en fertelt Harm Witteveen oer syn sirkus Witova en de bisten dy't er hat.