Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180705_SADWAANDE_OER_BEGRAVENIS_03_02_1999.mp4

Sadwaande: Begraffenis

03 Febrewaris 1999

Dizze Sadwaande giet oer begrave en alles wat dêrby komt. We sjogge op it begraafplak yn Warkum en yn Garyp. Magda Hengst fertelt oer de net-tradisjonele begraffenis dy't se foar har man Arie Buijs organisearre. We hearre wat oer kloklieden, sjogge by in kistemakker en stienhouwerij en leare wat oer it deadshimd en de betsjutting fan de kreakeling.

Baas Boppe Baas 0209: Búk fol biennen

Baas Boppe Baas 0209: Búk fol biennen

11 Novimber 2002

Dramasearje oer de famylje Baas mei Beant Baas, Joukje Baas, Sjoerd Baas, Talieta, Cynthia Baas, Afke Baas en Bennie. Talieta is wat mislik de ôfrûne dagen. Se is yn ferwachting. Sjoerd sit yn it bûtenlân en no stiet se allinnich foar de drege kar. Sil se it berntsje hâlde of net? 

Spegels: Kunstbende en Marten Bos

Spegels: Kunstbende en Marten Bos

14 Augustus 1998

Spegels is in kultureel programma dat tusken 1998 en 2006 op Omrop Fryslân telefyzje te sjen wie en presintearre wurdt troch Douwe Heeringa. Yn dizze útstjoering: de foarronde fan de Kunstbende yn Fryslân en Marten Bos restaureart skilderijen.