Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

180706_SADWAANDE_OER_NIJBOU_31_03_1999_HEMPENS_SUDERBUREN.mp4

Sadwaande: Nijbou, de oanlis fan Zuiderburen

31 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer nijbou. We sjogge by it nije plan Himpens-Tearns, dêr't oan de súdkant fan Ljouwert 1.750 nije wenten boud wurde sille. De wyk is letter bekend wurden as Zuiderburen. De wyk wurdt rom fan opset, mei grutte kavels, bosk en wetter. We prate mei in takomstich bewenner en útfierenden. Wethâlder Bearn Bilker leit út wat de fyzje is. Ek dupearren komme oan it wurd: twa boeren moatte lân ferkeapje foar de nijbou.

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

Wurktiid TV: Fearboat nei Skylge

30 April 1997

Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it wurk op de fearboat nei Skylge. Bêste kollega is boufakker Sake Elzinga. En der is wer in oprop foar wurk. En in fersekeringskantoar yn Surhústerfean kin nije minsken brûke.

LTV_DE_TIID_HALDT_GJIN_SKOFT_1

Selskip Tetman de Vries: De tiid hâldt gjin skoft (diel 1)

23 Jannewaris 1994

Programma oer it revu- en kabaretselskip Tetman de Vries. Tsjip, Anne en Tsjikke (broer en susters) en de dochters fan Tetman, Leny Dijkstra en Anneke de Vries, fertelle oer har oantinkens. Tetman hie de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' skreaun, teksten en muzyk. It gie yn 1944 yn premjêre en is 1200 kear opfierd. En se ha ek foar de radio optreden. It selskip bestie út seis bern út ien muzikale húshâlding, 4 jonges en twa famkes. Yn de oarloch spilen se gewoan troch, mar eins moasten se lid wurde fan de Kulturkammer, mar dat ha se noait dien.