Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_DE_TIID_HALDT_GJIN_SKOFT_1

Selskip Tetman de Vries: De tiid hâldt gjin skoft (diel 1)

23 Jannewaris 1994

Programma oer it revu- en kabaretselskip Tetman de Vries. Tsjip, Anne en Tsjikke (broer en susters) en de dochters fan Tetman, Leny Dijkstra en Anneke de Vries, fertelle oer har oantinkens. Tetman hie de foarstelling 'De tiid hâldt gjin skoft' skreaun, teksten en muzyk. It gie yn 1944 yn premjêre en is 1200 kear opfierd. En se ha ek foar de radio optreden. It selskip bestie út seis bern út ien muzikale húshâlding, 4 jonges en twa famkes. Yn de oarloch spilen se gewoan troch, mar eins moasten se lid wurde fan de Kulturkammer, mar dat ha se noait dien.

LTV_FRYSLAN_2020

Hoe sjocht Fryslân der yn 2020 út?

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we - mei it each op de ferkiezingen - foarút nei Fryslân 2020. Skriuwer en sjoernalist Geert Mak hat noed oer de takomst fan de provinsje. Mei tal fan pommeranten prate se ûnder oare oer lânbou, ekonomy, wurkgelegenheid, kultuer, natuer en identiteit.

Sybe Satellyt 0101

Sybe Satellyt 0101

11 Septimber 1990

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma oer Sybe dy’t mei syn satellyt oeral hinne kin. Mei syn hûn Sjef belibbet er elke dei wer wat oars. Yn dizze útstjoering fan Sybe Satellyt sjocht er by de sike fûgels yn de Fûgelpits. Gaatske Wiersma set har yn om dizze bisten te fersoargjen. Dêrneist gean we nei Wommels foar de keatspartij: de Freule en binne Dijkstra en Bosch dwaande mei de oanlis fan de dyk by de Werpsterhoek en Grou. Yn in koarte reportaazje lizze se út hoe se in dyk oanlizze en wat der by sjen komt.