Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

SADWAANDE_120602_HURDDRAVE

Sadwaande: Hurddrave

12 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer hurddrave. In soad minsken drave, de ien wat fanatiker as de oar. We sjogge by in wedstriid yn Wytgaard mei ferskillende ôfstannen. Ek sjogge we by it belang fan rinskuon en wat docht in keuringsdokter? Yn in dûbelportret prate we mei sporter Maaike Hornstra en rekreant Gerrit ten Cate. Floris wol ek in wedstriid drave mar blykt de iennige dielnimmer te wêzen.

LTV_SPORTERS_TRIJELUK

Trijelûk: weromsjen op Alvestêdetocht, fierljeppe en skûtsjesile

06 Febrewaris 1994

Yn dit trijelûk komme trije Fryske sporten oan de oarder: reedride, fierljeppe en skûtsjesile. We sjogge werom op de Alvestêdetocht fan 1933, by de nije tentoanstelling yn it reedrydmuseum yn Hylpen is in reüny fan riders. It wie in frij maklike tocht mei goed waar, en twa winners: Abe de Vries en Sipke Castelein. Se sjogge werom op dy tocht. Weromsjen dogge ek twa âld-fierljeppers dy't yn de 60-er jierren kampioen waarden: George Valkema en Roel Bokke Span. We sjogge bylden fan it ljeppen yn Winsum en de yntroduksje fan de aluminium pols troch Evert Wilstra.

LTV_FRYSLAN_2020

Hoe sjocht Fryslân der yn 2020 út?

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we - mei it each op de ferkiezingen - foarút nei Fryslân 2020. Skriuwer en sjoernalist Geert Mak hat noed oer de takomst fan de provinsje. Mei tal fan pommeranten prate se ûnder oare oer lânbou, ekonomy, wurkgelegenheid, kultuer, natuer en identiteit.