Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wyn op Woansdei: Saailân

Wyn op Woansdei: Saailân

08 Oktober 2003

Programmamakker Albert Jensma bûcht him oer it Saailân. Al oardel jier hâldt in legaat fan 18 miljoen euro Ljouwert yn 'e tange. Moat de stêd de winsk fan de twa jier lyn ferstoarne arsjitekt Abe Bonnema honorearje en foar dat jild op it Saailân in nij Fries Museum bouwe? It museum oan de Twibaksmerk, dêr't it sûnt 1881 sit, giet dan ticht, en it Saailân sil nea wer itselde Saailân wêze, want it plein wurdt dan de helte lytser. It museum en it stedsbestjoer koerse foarearst oan op nijbou op it Saailân. Mar dogge se dêr wol goed oan?

180706_SADWAANDE_OER_NIJBOU_31_03_1999_HEMPENS_SUDERBUREN.mp4

Sadwaande: Nijbou, de oanlis fan Zuiderburen

31 Maart 1999

Dizze Sadwaande giet oer nijbou. We sjogge by it nije plan Himpens-Tearns, dêr't oan de súdkant fan Ljouwert 1.750 nije wenten boud wurde sille. De wyk is letter bekend wurden as Zuiderburen. De wyk wurdt rom fan opset, mei grutte kavels, bosk en wetter. We prate mei in takomstich bewenner en útfierenden. Wethâlder Bearn Bilker leit út wat de fyzje is. Ek dupearren komme oan it wurd: twa boeren moatte lân ferkeapje foar de nijbou.

LTV_FRYSLAN_2020

Hoe sjocht Fryslân der yn 2020 út?

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we - mei it each op de ferkiezingen - foarút nei Fryslân 2020. Skriuwer en sjoernalist Geert Mak hat noed oer de takomst fan de provinsje. Mei tal fan pommeranten prate se ûnder oare oer lânbou, ekonomy, wurkgelegenheid, kultuer, natuer en identiteit.