Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Wâldrock 2003

Wâldrock 2003

21 Juny 2003

Wâldrock wurdt takom jier mooglik grutter. Dit jier binne der foar it earst 12.000 metalfans yn Burgum. Dat is eins it maksimum. Kwa ferkear jout it in soad drokte. Mar op it fjild soe noch wol romte wêze foar mear besikers, tinkt de organisaasje. Grutte topper dit jier is de band Iron Maiden. As de kassa iepengiet, streamt it fjild daliks al fol. Der is gjin kaart mear te besetten, it metalfestival Wâldrock is útferkocht. It is tradysje dat in Fryske band it festival iepenet. Dit jier is de eare oan Devoted to Hate fan Snits. Foar Wâldrockbegrippen is it dan al aardich drok foaroan.

Acht riders dy't it er toch op weagje

Acht riders dy't it der toch op weagje

11 Desimber 1995

Yn 1995 gong de alvestêdetocht net troch, mar der binne altyd genôch minsken dy’t de tocht ride wolle. Omrop Fryslân folge de tocht fan acht Friezen dy't it der dochs op weagen. De taktyk: hurd ride en dan mar hoopje datst drûch bliuwst.

Wâldrock 1994

Wâldrock 1994

08 July 1994

Burgum makket him op foar it Wâldrockfestival. Op dit jierlikse heavymetalfestival wurdt topdrokte ferwachte. Yn de foarferkeap binne al mear as 2.500 kaartsjes ferkocht. Moarn wurde oer de 3.500 minsken ferwachte. De plysje hat fjouwer ekstra minsken ynset foar de dei, mar ferwachtet gjin problemen. Moarn komme de measte besikers, mar hjoed kamen de earste besikers al binnen en se bliuwe fannacht op de kamping by it festival. Der wurdt noch drok wurke oan de opbou fan it poadium en de organisaasje hat it ferskuorrende drok.