Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

VX-270627

PM-TV: Frysk Shanty Rekord

23 April 2002

PM TV mei "it Frysk Shanty Rekord". Goed 1400 sjongers fan 61 shantykoaren en nochris goed hûndert muzikanten: mei-inoar foarmen se op sneon 20 april 2002 yn Thialf it grutste shantykoar fan Nederlân. Se sjonge 'Fries om Utens' fan it Snitser shantykoar Rolling Home, de klassiker 'It's five 'o clock in the morning' en in nije Fryske shanty dy't spesjaal foar dit barren skreaun is troch Anne Oosterhaven.

LTV_30_MINUTEN_LITERATUER

30 Minuten literatuer: petear tusken Trinus Riemersma en Willem Abma

15 Jannewaris 1995

Twa Fryske skriuwers binne mei elkoar yn petear oer de stân fan saken yn de Fryske literatuer. Trinus Riemersma debutearre yn 1964 mei 'Fabryk'. Hy krige dêr de Gysbert Japicxpriis foar en wie dêrmei de jongste Gysbert-winner. Oer syn roman 'Minskrotten-rotminsken' wie in soad opskuor. Syn masterwurk 'De reade bwarre' út 1992 skreau er yn syn eigen stavering. Willem Abma is ien fan de produktyfste skriuwers, hy publisearre earder ûnder de namme Daniël Daan.

Hjoed: alderearste útstjoering

Hjoed: alderearste útstjoering

04 Febrewaris 1994

Omrop Fryslân begûn yn 1994 mei regionale telefyzje. De allerearste útstjoering wie op 4 febrewaris, presintearre troch Dieuwke Kroese. Dêryn sit in reportaazje oer de komst fan it sâltfabryk Frima yn Harns dat wurk biede sil oan 60 minsken. By Winaam sit in soad sâlt yn de grûn dêr't boarre wurdt. Ek is in ferslach fan de nijbou fan it Abe Lenstra stadion op It Hearrenfean. Dêrfan is it heechste punt berikt. De fuotbalklup wol mei in publyksaksje in diel fan it jild ophelje by de fans. Op de beurs BOOT yn Ljouwert is te sjen dat de animo foar boaten en it wurk op de werven wer tanimt.