Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

LTV_FRYSLAN_2020

Hoe sjocht Fryslân der yn 2020 út?

24 April 1994

Yn dit programma sjogge we - mei it each op de ferkiezingen - foarút nei Fryslân 2020. Skriuwer en sjoernalist Geert Mak hat noed oer de takomst fan de provinsje. Mei tal fan pommeranten prate se ûnder oare oer lânbou, ekonomy, wurkgelegenheid, kultuer, natuer en identiteit.

50 jier Omrop Fryslân 1 De klam op kultuer

50 jier Omrop Fryslân 1 De klam op kultuer

31 Maart 1996

Yn de trijelûk '50 jier Omrop Fryslân' sjogge we nei de skiednis fan de omrop. De earste útstjoering giet oer de jierren 1945 oant 1960, doe't Omrop Fryslân de klam lei op kultuer.

De Nije Moanne: Hearrenfean boppe

De Nije Moanne: Hearrenfean boppe

07 Oktober 1990

Programma oer fuotbalklup SC Hearrenfean, dy krekt nei de earedifyzje promovearre is. Dêrfoar moast de klup oan allerhanne strange easken foldwaan, lykas in feilichheidskoai foar útsupporters. We sjogge by de training mei coach Fritz Korbach. Foarsitter Riemer van der Velde komt oan it wurd, we sjogge hoe't it klupblêd It Pompebledsje stensile wurdt en by de wedstriid tsjin PSV. Kin Hearrenfean de earedifyzje oan of is it better om te fusearjen mei Cambuur?