Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fan fan: Dennis de Nooijer

Fan fan: Dennis de Nooijer

15 Febrewaris 1999

Yn de rubryk 'Fan fan' yn it sportprogramma Boppeslach wurdt Dennis de Nooijer it himd fan it liif frege troch Stefan Brouwer en Schelte de Wolf (10 jier). Dizze fuotballer by SC Hearrenfean is hiel populêr by de fans. Se moetsje him by de fysio, want hy is blessearre.

Simmer 2000: Sketsj Utpraat

Simmer 2000: Sketsj Utpraat

18 July 2000

Simmer 2000 is in tiid fan wersjen mei famylje en âlde kunde. Rients Gratama en Freark Smink spylje twa neven dy't inoar sûnt 50 jier wer sjogge.

LTV_SKRIUWERS_HFEAN_WR

Skriuwers oer SC Heerenveen

17 Juny 2001

Mar leafst trije boeken ferskynden yn 2001 oer fuotbalclub SC Heerenveen. Eppie Dam makke in libbensportret fan trainer Foppe de Haan. Wio Joustra en Yme Kuiper beskreaunen yn harren boek it sukses fan it moderne Hearrenfean yn it ljocht fan de rike fuotbaltradysje út de Abe-jierren. En skriuwer Kees 't Hart rûn in jier mei de club mei. Syn ympresjes ferskynde as in spesjaal nûmer fan it fuotbaltiidskrift Hard Gras. Yn dit programma wurde de skriuwers folge en hearre we hoe't sy tsjin de club en de trainer oansjogge.