SKTVEISINGA1989_WR

Omrop Fryslân Edukatyf : Planetarium en Stjerrewacht

11 April 1989

Yn 1989 gie presintator Freark Smink mei de skoalbern Miranda, Annette en Sieds nei it Planetarium yn Frjentsjer en de Stjerrewacht yn Burgum om mear te witten te kommen oer stjerrekundige Eise Eisinga en it hielal.

MINSKEWURK_8_SKIPPERS

Minskewurk 8: Skippers

19 Juny 2001

We sjogge by it preamsilen en hearre fan Lammert Zwaga hoe't se earder mei fracht fearen. Syn soannen, Jaap en Ulbe, farre ek, mar dan mei in skoboat. Op Skylge leare studinten op de maritime akademy fan alles oer de skipfeart, op in opliedingsskip en mei help fan in simulator.

MINSKEWURK_7_PLYSJES

Minskewurk 7: Plysjes

15 Maaie 2001

We sjogge by it ferskaat oan wurk dat de plysje docht. Op de Friese Poort leare studinten foar plysje, en moatte se alle dagen sporte. Ek op it plysjeburo yn Harns wurde minsken oplaat. We sjogge by de plysje op it wetter dy't charterskippen en binnenfeartskippen kontrolearje en by de plysjehûnetraining.

MINSKEWURK_6_BESTJOERDERS

Minskewurk 6: Bestjoerders

27 Maart 2001

We sjogge by it wurk fan fjouwer typen bestjoerders. Kommissaris fan de Kening Ed Nijpels jout moarns earst syn bisten te iten yn Diken en wurdt dan nei it provinsjehûs riden troch in priveesjauffeur. De direkteur fan in boubedriuw 'bestjoert' syn minsken en sjocht op de útfiering fan it wurk ta. Motorkoereur Roelof Koning traint sels yn de snie op de baan yn Makkingea en we sjogge by it wurk fan in kapitein op de fearboat tusken Harns en Skyge.

MINSKEWURK_5_DOKTERS

Minskewurk 5: Dokter

13 Febrewaris 2001

We sjogge by it wurk fan ferskate dokters: in plastysk sjirurch yn MCL dy't bygelyks flapearen korrizjearret, mar ek yn Nigeria operaasjes docht. By in húsdokter op De Tynje dy't in soad ferskillende minsken sjocht yn syn praktyk en ek besites rydt. By in foetrefleksterapeut yn Koarnjum dy't klachten fia de foet ferhelpe kin en by in natuergenêskundige yn Drachten dy't oan de iris sjen kin wêr't ien lêst fan hat.

MINSKEWURK_4_SKILDERS

Minskewurk 4: Skilders

16 Jannewaris 2001

We sjogge by ferskate minsken dy't skilderje. By it Koopmansfabryk yn Marrum meitsje se lateks, wat sit dêryn yn? En wat dogge hússkilders? Klaas de Graaf kin sa skilderje dat it liket oft it hout, marmer of goud is. We sjogge ek by twa keunstners yn har atelier, Ramon van der Werken en Dinie Boogaart, dêr't se oer har wize fan wurkjen fertelle. Ta beslút sjogge we by bern dy't in skilderkursus dogge by Parnas yn Ljouwert.

MINSKEWURK_3_GLES

Minskewurk 3: Glês

28 Novimber 2000

We sjogge by fjouwer minsken dy't fan glês har berop makke ha. Yn in fabryk yn Tiel meitsje se grutte glêsplaten fan sân dat yn in oven fan 1600 graden ferwaarme wurdt. Yn Easterwâlde komme dy glêsplaten binnen en wurde se snien. By Steinfort yn Frjentsjer ferwurkje se glês foar isolaasje fan huzen. Ek sjogge we by twa glêzewaskers dy't yn in heechwurker of op in ljedder op in hichte fan 12 meter wurkje. En we hearre fan in glêsblazer hoe't er syn keunstwurken makket.

MINSKEWURK_2_FISKERS

Minskewurk 2: Fiskers

31 Oktober 2000

We sjogge by fjouwer fiskers. Bertus Visser fisket op it binnenwetter fan de Aldegeaster Brekken en hellet 60 fûken leech op iel. Trije sportfiskers fertelle wat har tip is foar geskikt lokfoer dat se sels meitsje. Ek sjogge we by in garnalekotter yn Harns dy't dagen op de Waadsee mei sleepnetten fisket. Se wurde oan board al sean. De garnalen wurde op de ôfslach feild. En Doede Bleeker ferkeapet alle soarten fisk yn syn winkel yn Starum. Ielrikje is syn spesjaliteit. Hy is sa gek op fisk dat er se wol tútsje kin.

VX-196338

Minskewurk 1: Natuerminsken

26 Septimber 2000

Yn fjouwer portretsjes sjogge we minsken dy't fan de natuer hâlde. Johan de Jong soarge derfoar dat de goudûle wer yn populaasje tanaam is. Nico Minnema beheart de Alde Feanen by Earnewâld. Jos Hooimeijer wit alles fan de Rysterbosk yn Gaasterlân en Albert Ferwerda beheart it Noarderleech achter de dyk by Marrum. Dizze mannen witte in soad fan natuer, fûgels, planten en beammen.

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

Linkk Ekstra: Wurk yn oplieding 3

15 April 2005

Dizze ôflevering fan Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, is diel trije fan in searje oer wurk. Hoe komst oan in baan en watfoar oplieding hast dêr foar nedich? Jildou de Vries praat deroer en se sjocht ek by it wurk oan de âlde pleats yn Aldlemmer dêr't in tal VMBO-learlingen de boel opknappe om der in wen- en soarchkompleks foar handikapte minsken fan te meitsjen. Ek sjogge we wer by Biddle, in bedriuw yn klimaatapparatuer yn Koatstertille, dêr't wurknimmers oer it wurk fertelle dat se dogge en dat se soms ek op 'e nij nei skoalle moasten om by te learen.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

Linkk Ekstra: Midsiuwen 2

21 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel twa fan de searje oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Se fertelt dizze kear oer it ûntstean fan de stêden en de huzebou. Yn it Archeon yn Alphen aan den Rijn is te sjen hoe't minsken doe wennen. De pest brekt út en makket tûzenen slachtoffers. Ek fertelt Jildou oer godstsjinsten.

Linkk Ekstra: Midsiuwen 1

Linkk Ekstra: Midsiuwen 1

14 Jannewaris 2005

Yn dizze Linkk Ekstra, in programma fan skoaltelefyzje, diel ien fan de searje oer de Midsiuwen. Jildou de Vries dûkt yn de skiednis fan Fryslân, oer de tiid tusken 500 en 1500. Fryslân seach der doe hiel oars út, de Middelsee rûn fier de provinsje yn en Ljouwert lei oan see. It lân strûpte faak ûnder en minsken wennen op terpen en bouden diken om drûge fuotten te hâlden. Wat is no noch út dy tiid te sjen yn it Fryske lânskip? Archeologen ha fan alles fûn yn de grûn by terpôfgravingen.

Pages