Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: Jeugdteaterskoalle

No Wy: Jeugdteaterskoalle

14 Oktober 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering binne dat learlingen fan de Jeugdteaterskoalle yn Ljouwert. Se ha in film makke dêr't se sels learlingen fan de Jeugdteaterskoalle yn spylje. Der binne twa groepen, de iene groep is stoer en de oare bestiet út nerds. Yn de Prinsetún komt it ta in konfrontaasje. Boppedat is der ien dy't him fersliept hat en te let op de les komt.

Sybe Satellyt 0706

Sybe Satellyt 0706

07 Maart 1997

Sybe Satellyt is in edukatyf berneprogramma fan skoaltelefyzje. Utfiner Sybe kin mei syn apparaten lykas de tiidmasine en skoop oer de hiele wrâld sjen. Hy praat mei Sake Roodbergen dy't by grutte bassins stiet fan de rioelwettersuvering yn Grou. Dêr sieten fan 't winter einen, smjunten en markels yn, mar no net mear. Hy fertelt oer it ljipaaisykjen en datst dêr in fergunning foar ha moatst en hy hat ek in neisoarchkaart. Rinse van der Kooij fan it wetterskip fertelt oer de wettersuvering. Ek praat Sybe mei Fred en Benne Glaassen dy't in Afrikaanske trommel ha.

Rients Gratama 2: Fryslân is te lyts

Rients Gratama 2: Fryslân is te lyts

19 Jannewaris 1997

Diel 2 fan in trijelûk út 1997 oer de karriêre fan kabaretier, skriuwer, akteur, dichter en presintator Rients Gratama. Ek Joop Verbeke, Roel Oostra, Leny de Vries en Jan Boerstoel oan it wurd.