Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Dizze ôflevering is de tredde yn in rige oer wurk fia it útstjoerburo. Roelof Schriemer wurke as personielsfunksjonaris by Frico Domo, mar waard ûntslein by in reorganisaasje. No wurket er by útstjoerburo Start yn in pool fan minsken dy't fleksibel ynset wurde kinne by sosjale tsjinsten as dy krapte ha troch sykte of fakânsje. Wietie Douma fan Start en Oebele Herder, haad Sosjale Saken Ljouwert, fertelle oer har ûnderfiningen mei de pool.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Dizze ôflevering is de earste fan in rige fan seis oer it útstjoerburo. We sjogge by útstjoerburo Start, wat it wurk fan bemiddeler G. Boersma ynhâldt. Ek sjogge we by Structural, it bedriuw hiert geregeld útstjoerkrêften yn. Direkteur R. Blom fertelt oer de foardielen dêrfan en de útstjoerkrêften W. Koning en J. Posset komme ek oan it wurd.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we by Steinfort glês yn Frjentsjer. Se ferwurkje 50 ton glês op in dei, snije dat op mjitte en op de goede dikte. It snijen fan ruten giet folautomatysk. It bedriuw is merklieder en makket gebrûk fan de modernste produksjemetoaden. Se bouwe der ek in nije hal by. Tj. Steinfort, direkteur en R. Visser, produksjemanager fertelle oer it wurk.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering sjogge we op it grutte sylskip Thalassa yn de haven fan Harns. Kocht as kasko en no omboud ta lúkse skip mei plak foar 36 gasten foar tochten op see. Skippers A. Hylkema en H. Stallinga en bemanningslid A. Brouwers fertelle oer it skip en K. Kapitein fan de ynspeksje fertelt oer syn wurk.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Boalsert. Om't de suvelskoalle út de stêd ferdwynt, is de Stichting Boalsert oan set oprjochte. Doel is om bedriuwen oan te lûken. B. van der Wal is manager fan Boalsert oan set, H. Jorritsma is bou-ûndernimmer en B. Hooghwerff is direkteur fan Technonet. Se fertelle oer har wurk.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer Victor Dechesne dy't in "Wegenwacht foar fytsen" betocht hat. We geane op 'en paad mei de mobile fytsemakker en prate mei tefreden klanten.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it stimburo. We sjogge by de tarieding foar de provinsjale steateferkiezing. J. Kok, lid haadstimburo, P. Dijkstra fan de gemeente Dongeradiel en R. Bijwaard, foarsitter fan it lytste stimburo yn Fryslân, yn Jistrum, fertelle oer har wurk en de organisaasje. Minsken kinne yn guon buro's mei de stimkompjûter stimme.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer it brûken fan biodisel, dat makke wurdt fan koalsied. It is better foar it miljeu as disel. Twa Fryske boatferhierbedriuwen brûke dizze biodisel. C. Smits fan Holiday Boat yn Snits en H. de Vries fan Roukema yn Jirnsum fertelle deroer.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer oannimmersbedriuw Abma út Eksmoarre. Se restaurearje tsjerken en ornaminten. Dy ornaminten binne faak fan sânstien en dat wurdt net mear makke. It bedriuw hat dêrom keunst-sânstien útfûn en dêr oktroai foar oanfrege. A. Abma, direkteur en J. Siesling fan de wurkpleats fertelle deroer en litte sjen hoe't it wurket.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de Stifting Doarp en Bedriuw. Pier Vellinga fan de stichting fertelt oer wat se dogge, lytse kearnen stypje mei provinsjaal jild om de wurkgelegenheid te stimulearjen. Yn Heech is in bedriuwssammelgebou boud dêr't tal fan lytse ûndernimmers gebrûk meitsje fan in mienskiplike kantine, resepsje en húskes. J. Wittemans, koördinator en ûndernimmer J. Miedema fertelle oer har ûnderfiningen en deputearre S. Heldoorn leit it idee achter it lytse kearnebelied út.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer de iennige froulike slachter yn Fryslân: Jitta de Haan fan Damwâld. Har eardere baas W. Arzig is no by har yn tsjinst. Se slachtet net sels, mar al it oare wurk docht se wol op ambachtlike wize: útbiene, woarst en gehak meitsje.
Yn Wurktiid TV sjogge we it wurk fan ferskate bedriuwen. Yn dizze ôflevering giet it oer suvelbuorkerij De Gelder op De Tynje. Al tsien jier ha se eigen suvelprodukten en sûnt koart meitsje se ek sels boeretsiis. Heit Jacob, soan Jan en dochter Jenny van Ernst en Joke van Duinen litte sjen hoe't se wurkje.