Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

No Wy: ISK, OSG Singelland

No Wy: ISK, OSG Singelland

04 Juny 1998

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze earste ôflevering binne dat learlingen fan de tredde klasse fan OSG Singelland yn Drachten. Se sitte yn in ynternasjonale skeakelklasse (ISK). It wie har eigen idee om har libben te filmjen en te fertellen oer wêr't se weikomme en wat se meimeitsje. Faak is it swier om't se net witte oft se yn Nederlân bliuwe meie. Gaylord, Najad en Mohamed prate mei learlingen en leararen. Ek ha se in filmke makke oer de konsjerzje en bylden draaid op it asylsikerssintrum yn Drachten.

No Wy: De Seedyk

No Wy: De Seedyk

04 Novimber 1999

Yn it jongereinprogramma No Wy lit programmamakker Freddy Veenstra de jongerein oan it wurd. Yn dizze ôflevering is de film Seedyk te sjen. Studinten fan de teateroplieding yn Zwolle ha de film makke. It is in realitysoap oer trije minsken. Grytsje, Priscilla en René ferhúzje fan de Amsterdamske Zeedijk nei Fryslân, nei in lyts húske oan de seedyk. Dêr belibje se allerhanne aventoeren. De Fryske Grytsje hat it bot nei har sin yn har heitelân, mar de oare twa der mear muoite mei.

Wyn op Woansdei: Ramsi

Wyn op Woansdei: Ramsi

21 Maaie 2003

Programmamakker Annet Huisman folget in dei lang Palestyn Ramsi. Dit kleurryk figuer yn Ljouwert is altyd dwaande mei it fuorjen fan fûgels. Net alle buertbewenners binne like wiis mei him. De bôle hellet er by restaurants wei en ûnderweis rêdt er alle rommel fan strjitte op.