Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Fytsalvestêdetocht 1998

Fytsalvestêdetocht 1998

01 Juny 1998

Tradisjoneel ride tûzenen fytsers op Pinkstermoandei de Fytsalvestêdetocht. De edysje fan 1998.

LINKK 09: Fakânsjewurk

LINKK 09: Fakânsjewurk

16 Juny 2001

Linkk is in telefyzjeprogramma foar skoalbern fan de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis. De presintaasje wurdt dien troch Koppie en Kink. Dizze ôflevering giet oer fakânsjewurk. We sjogge by it wurk yn de kassen yn Seisbierrum. Bern op skoalle Lyndensteyn yn Beetstersweach kinne net maklik op fakânsje en we sjogge by in sylkamp yn Grou.

Under fjoer 0202 Jeltje van Nieuwenhoven

Under fjoer 0202 Jeltje van Nieuwenhoven

12 Novimber 2003

Jeltje van Nieuwenhoven is de earste gast yn de nije rige ôfleverings fan Under Fjoer. De seis jonge ynterviewers fan Under Fjoer hiene Van Nieuwenhoven heech op harren ferlanglistje stean. De nûmer twa yn de PvdA-rangoarder fan de Twadde Keamer is dan ek populêr by jongeren. "Stoer" is in kwalifikaasje dy't in pear kear oan har jûn wurdt yn Under Fjoer.