Weromrop.frl - útstjoerings

Wolkom op weromrop.frl, de argyfwebside fan Omrop Fryslân. Besjoch hjir in seleksje út de earste tweintich jier Fryske telefyzje, fan 1985 oant en mei 2005.

Sadwaande_17_06_2002_Boerum

Sadwaande: Skûtels

17 Juny 2002

Dizze Sadwaande giet oer de skûtels yn Boerum. It grûnstasjon fan de satellytkommunikaasje is yn 1973 boud. We sjogge wat se der krekt dogge en wêr't de skûtels foar brûkt wurde, lykas telefoan, telefyzjesinjalen en it waar foarsizze. Ek leare we wat oer de skiednis. Floris is op syk nei de grutte earen fan it doarp.

LTV_DE_TWADDE_KARRIERE_170396_WR

De twadde karriêre: Hilbert van der Duim, Oeki Hoekema, Jannie Vierstra

17 Maart 1996

Hoe is it reedrider Hilbert van der Duim, fuotballer Oeki Hoekema en turnster Jannie Vierstra nei har sportkarriêre fergien? Hilbert van der Duim is learaar ekonomy yn Assen en riedslid, Oeki Hoekema hat in eigen snackbar yn Ljouwert en is ymporteur fan Noarske huzen en Jannie Vierstra hat in moadesaak.

Sjoch mar: Roeie

Sjoch mar: Roeie

04 Maaie 1998

Renske Keizer út Ljouwert heart by de top trije fan de roeisport yn Nederlân. Arjen gie op paad om te sjen oft hy ek in talint hjirfoar hat.